Schrijver I.E. Bloem: ‘De Fryske taal is te moai om foar de jongerein lizze te litten’

Young Adult boeken zijn populair, maar in het Fries verschijnen ze maar mondjesmaat. De KFFB bracht onlangs haar eerste roman in dit genre uit: Eudaimoania van I.E. Bloem.

I. E. Bloem zoekt graag de natuur en rust op om te schrijven.

I. E. Bloem zoekt graag de natuur en rust op om te schrijven. Foto: Eigen archief

Romans met moderne thema’s verschenen de laatste jaren al wel vaker bij de Kristlik Fryske Folksbibleteek (KFFB). Maar Eudaimoania , voornamelijk voor jongvolwassenen geschreven, is bij de boekenclub een primeur in dit genre. Het boek verhaalt over de zeventienjarige Emily, die het thuis niet makkelijk heeft en via vloggers op internet het veganisme ontdekt. Als ze zichzelf ook fanatiek op deze leefwijze stort, zet dat haar hele leven op zijn kop.

,,We fûnen it aardich om ek ris mei wat oars te kommen”, motiveert Mynke Hoekstra van de KFFB. ,,In protte fan ús leden binne dan wol wat âlder as Emily, mar ek foar âlderen is dizze roman aardich om te lêzen.”

Ook in het algemeen is een Friestalig Young Adult-boek geen alledaagse verschijning, weet Ernst Bruinsma van de Afûk. ,,Der binne wol Fryske jeugdboeken. Anita Terpstra skreau bygelyks koartlyn noch The Challenge en Janny van der Molen It deiboek, ús reade striid (noty-sjes fan Jehannes de Groot) . Mar it binne der lang net genôch”, zegt hij. ,,It projekt Lês no draacht dêr ek oan by, yn dat projekt wolle we jongerein ferliede ta it lêzen fan Fryske boeken, en dêrmei bydrage oan it behâld fan de Fryske taal.”

I. E. Bloem is een pseudoniem. Via de mail beantwoordde de schrijver zelf ook een paar vragen over het boek.

Vanwaar een pseudoniem?

,,De wichtichste reden is dat oandacht totaal net oan my bestege is: yn dizze sin bin ik eigenheimisch en stean ik op myn privacy. Sadwaande diel ik leaver ek gjin details oer bygelyks leeftyd, geslacht of myn wenplak. Oer it boek wol ik fansels al it nedige kwyt.”

Wat betekent de titel?

,,Eudaimoania is yn ’e lear fan Aristoteles it libbensdoel: it hawwen fan in gefoel fan loksilligens troch goede karren te meitsjen. No is elts minske dêrnei op ’e siik, mar Emily besiket it hast planmjittich te finen. It boek lit ûnder oare sjen dat sels in bewuste kar mei de bêste bedoelingen dochs liede kin ta net winske bywurkingen.”

Waar kwam de inspiratie voor het boek vandaan?

,,De kontekst fan Eudaimoania, it feganisme, kaam ta my fia deselde kanalen as by Emily: fia it ynternet en benammen YouTube. Ik haw in protte tiid stutsen yn it folgjen fan ferskate influencers op dit mêd. In pear personaazjes binne foar in grut part, mar wol ûnder in oare namme, yn it boek telâne kaam. Emily sels is in kombinaasje fan jonge froulju yn dat wrâldsje, dêr’t ik dan in eigen draai oan jûn haw.”

Bent u zelf ook veganist?

,,Ik bin yn it algemien wol ynteresseare yn it ideaal fan sûn libjen, as it no giet om de Rein Leven-Beweging fan in iuw lyn, de Stotan filosofy fan Percy Cerutty of notiidske idealisten as bygelyks de feganisten. It giet dêrby by my benammen om in ferstanlike ynteresse, sels libje ik der net nei.”

Schuilt er desondanks een boodschap in de keus voor dit thema?

,,It online feganisme wie foaral in eftergrûn wêryn’t ik it wiere ferhaal fertelle woe, oer in famke dat mei har ferline omgean moat en fierder moat, mei alle tûkelteammen dy’t dat opsmyt. Foar it coming-of-age sjenre haw ik wol in swak. By it skriuwen haw ik ek kontakten hân mei dosinten en wat teeners. Op in pear saken kaam nijsgjirrige feedback, benammen oer hoe’t se freonskippen skôgje. Emily is soms wol wat te hurd oer har freondinnen, fûnen se bygelyks. Dat nim ik dan mei. Ik haw ek besocht de terminology oanslute te litten by dy fan de jongerein. Fierder is der op YouTube ek wer in protte te finen: dizze generaasje is soms och sa iepen oer wat him driuwt.”

De kontekst fan Eudaimoania, it feganisme, kaam ta my fia deselde kanalen as by haadpersoan Emily: fia it ynternet

Tegelijkertijd verbergt Emily juist hoezeer ze ook worstelt met zwaardere onderwerpen, zoals het gemis van een ouder, haar zelfbeeld en vertrouwensproblemen…

,,My tinkt dat it iene probleem faak ek wol fuortkomt út it oare: bern dy’t op hokker wize ek mei in efterstân komme te sitten, rinne op oare flakken dan ek efter de feiten oan. It is ek wol begrutlik. Nettsjinsteande dat Emily net altyd like freonlik is, haw ik dochs altyd begrutsjen mei har hân.”

Waarom koos u voor het Fries en dit genre?

,,Ik wie fan doel in boek oer in universeel tema yn in eigentiidske kontekst te skriuwen, mei yndie in jongere doelgroep op it each. Ik begryp dat yn it ramt fan ûntlêzing en ynternasjonalisearring de merk foar jongereinboeken yn it Frysk net grut is, mar de Fryske taal is te moai om dy foar dy groep hielendal lizze te litten. Foar mysels wie it logysk en wichtich dit yn it Frysk te skriuwen, oan oaren is it om te lêzen. Mar it soe fansels moai wêze as it boek syn wei wit te finen nei Fryske lêzers, en dan benammen de jongerein.”

Komt er een opvolger?

,,Dêr bin ik sels al in ein mei op wei. Diskear wurdt it in boek oer in skoalbern dat fia in útwikselingsprogramma yn Itaalje telâne komt, krekt op it stuit dat koroana dêr útbrekt.”

Eudaimoania, I. E. Bloem, KFFB, 16 euro

U kunt ons helpen de journalistieke onafhankelijkheid in Fryslân te waarborgen. Klik hier om een bijdrage te leveren.

Op de hoogte blijven van de laatste ontwikkelingen over het coronavirus? Meld u aan voor onze dagelijkse nieuwsbrief

Nieuws

menu