Teaterstik 'It deiboek fan Anne Frank' is nearne oerdreaun | Resinsje
Oan de ein fan it stik, ôfrûne freed troch Toppenhuzen en Twellingea foar it fuotljocht brocht, seit Anne Frank: ,,Ik wol noch fierder libje, ek nei myn dea.” It publyk wit dat se de oarloch net trochstean sil, mar har ferhaal en har geast wol. Ek yn dit stik fan Rense Rotsma en toanielferiening Fordivedaesje klinkt har wêzen troch.

Dieuwke Atsma as Anne Frank. Foto: Fordivedaesje
It publyk, omtrint twahûndert persoanen, hat in wûndermoaie foarstelling sjoen oer it wier barde ferhaal fan acht joaden dy’t goed twa jier yn de Twadde Wrâldoarloch yn it saneamde Achterhuis oan de Prinsengracht te Amsterdam ûnderdûke moasten.
Direct verder lezen?