Toanielgroep Sater hâldt taskôgers spegel foar | Resinsje

Mei de titel Wat dogge we mei mem? hat it publyk yn ’t foar yn ‘e gaten hokker striid der op toaniel gewaar te wurden is en dat wurdt wierheid. En dat it stik net sa bot oer de mem giet mar oer de bern, ek. De grutte fraach fan it ferhaal is oft de trije susters der út komme: wa’t mem opfangt en hoe blykt de ferrassing fan it stik te wurden. It is net aardich dy te ferklappen.

Sater met 'Wat dogge we mei mem?'

Sater met 'Wat dogge we mei mem?' Foto: Margriet Jorna

Toanielgroep Sater bestiet al sa’n tweintich jier, mar de trije froulju Joke van Balen (sy is ek de skriuwer fan it stik), Margriet Jorna en Joke Kuperus ha hast tsien jier net op de planken stien. It moast mar wer ris wêze. Troch eigen ûnderfiningen mei krupsjes fan heiten en memmen kamen se op it plan dêr oer te skriuwen en no koene op de premjêre fan 5 novimber sa’n sechtich minsken dêr tsjûge fan wêze.

Nieuws

menu