Toanielselskip Jounswille toande drystmoedich ‘De kreupele fan Inishmaan’ | Resinsje
Skriuwer Martin McDonagh betocht in ferhaal, foar it earst spile yn Londen yn 1996, oer langstme, fertriet, pine en iensumens en ferpakt dat yn swijen, slaan, skellen en fantasij, mei of sûnder alkohol. In tige ûnderhâldend stik dat mei krêft en ynlibjen oer it fuotljocht brocht is troch Jounswille fan Stynsgea.

Sêne út 'De kreupele fan Inishmaan'. Foto: Jounswille
Freedtejûn fûn de Fryske premjêre fan ‘De kreupele’ plak en it lytse sealtsje fan kafee Stynsgea wie ôfladen fol. Jounswille komt eins altiten mei in eigensinnich barren en dat wie no ek wer sa. Regisseur Klaas-Jan van der Heide hat mei oersetter Theun Runia én de spilers in peareltsje sjen litten.
Direct verder lezen?