Trinus Riemersma, master fan de personaazjes | Resinsje
Yn 1992 publisearre Trinus Riemersma (1938-2012) de tsjokke roman De Reade Bwarre. It boek jilde fuort as masterwurk en waard yn 1995 bekroand mei de Gysbert Japicxprijs. No is De Reade Boarre útkommen. In nije ferzje dus, kundich omstavere troch Jetske Bilker.

Boeken. Foto: Shutterstock
Riemersma’s magnum opus hat trije ferhaallinen. It earste giet oer in geheimsinnige sekte fan de saneamde Boarristen, folgelingen fan de midsieuwske boarre Boldgrim. Sy sitte fol seksuele enerzjy, lizze graach dwers en hawwe der nocht yn de ienfâldigen fan geast te narjen.
Direct verder lezen?