Zea en Tsead Bruinja: twa freonen dy't inoar yn poëzij altyd witte te finen | Resinsje
Muzikant Zea (Arnold de Boer) en dichter Tsead Bruinja, twa Amsterdamske Friezen om utens, reizigje mei nij wurk nei Fryslân foar in skuorre- en tsjerketoer. Mei allinnich in akoestyske gitaar en wat dichtbondels litte sy yn it Atrium yn Snits hearre hoe’t taal in brêge slacht tusken harsels en de wrâld.

Tsead Bruinja (l) en Zea (Arnold de Boer). Foto: David de Lange
Om’t wrâldreizger Arnold de Boer yn de koroanapandemy net fan hûs koe, helle hy de wrâld mar yn hûs. Foar it twadde Frysktalige album fan syn soloprojekt Zea, Witst noch dat d’r neat wie , binne de lietteksten oerset nei ferskate eksoatyske talen dêr’t in konneksje mei is, lykas Sranantongo (Surinaamsk) of Wǔhànhuà (dialekt fan it Mandaryn Sineesk, sprutsen yn Wuhan). Hy wurke gear mei muzikanten út binnen- en bûtenlân.