Iepenloftspul 'Twa' wurdt yn Broeksterwâld brocht sa't it heart; mei twa akteurs betûft en noflik op de planken delset | Resinsje

Stichting Teatertún Broeksterwâld koe ôfrûne wykein yn syn eigen iepenloftteäterTwa yn premjêre bringe foar in grut publyk, mei tank oan de koroanaregels. De tragykomeedzje Twa, al 25 jier in geskikt temastik foar in soad amateurselskippen yn Fryslân, waard, sa’t it heart, mei twa akteurs betûft en noflik op de planken delset.

It kastleinechtpear Klaas (Drys Visser) en Jantsje (Antsje Soepboer) van der Zee, runt yn iepenloftspul Twa mei harren ûnferwurke emoasjes in eigen kafee.

It kastleinechtpear Klaas (Drys Visser) en Jantsje (Antsje Soepboer) van der Zee, runt yn iepenloftspul Twa mei harren ûnferwurke emoasjes in eigen kafee. Foto: Yvonne Soepboer

Man, man, man... wat hat it in skoft duorre foar’t de teäterleafhawwer wer mei in grut tal minsken tichtby elkoar op in tribune sitte koe. Mar ôfrûne freed wie it dan úteinlik safier. Yn de prachtige akkomodaasje fan de stichting Teätertún Broeksterwâld koe in grut publyk deun njonken elkoar sitte, om’t by it deryn kommen net ien ûntkaam oan de strange regels oangeande Covid-19.

Twa spilers

De produksje Twa waard oer it fuotljocht brocht yn in rezjy fan Tjits van der Wal. In gaadlik stik om ta te rieden yn koroanatiid, om’t der mar twa spilers oan meidogge, mei wat figuraasje.

Sûnt augustus 1996, no alwer 25 jier lyn, doe‘t dit stik foar de earste kear troch profesjoneel selskip Tryater oer it fuotljocht brocht waard, is dizze tragykomeedzje troch ferskate amateurselskippen spile. Faak mei in wiidweidige rolbesetting, om’t alle spilers yn it selskip meidwaan moasten. Alle rolfigueren waarden dan ferdield oer de beskikbere spilers.

Mar dit stik is skreaun troch Jim Cartwright mei de yntinsje dat al dy rolfigueren spile wurde troch twa akteurs, sadat se sjen litte kinne wêr‘t se ta by steat binne kwa akteartalint. En foar dy spylfoarm hat Broeksterwâld gelokkich keazen.

In eigen kafee

Oan it begjin slagget it nei wat oantrún fan de organisaasje om út it publyk wei minsken teplak te krijen yn it mânske, mar geweldige dekor fan it kafee fan Klaas (Drys Visser) en Jantsje (Antsje Soepboer) van der Zee. It kastleinsechtpear runt mei syn ûnferwurke emoasjes in eigen kafee. De iene nei de oare gast komt del.

Visser en benammen Soepboer sette al dy ferskate kafeegasten moai del. It freget hiel wat fan de beide spilers om de faasje deryn te hâlden, om’t der hiel wat ferklaaiingen plakfine moatte. Dat slagget knap. De oanwêzigen kinne genietsje fan oandwaanlike, mar ek rûge sênes út it deistige libben.

Ofstân

Twa is net skreaun om as as iepenloftspul te bringen. De ôfstan ta it publyk moat net te grut wêze om de yntimiteit yn de foarstelling syn gerak te jaan. Somtiden wie dy ôfstân spitigernôch wol merkber yn de Teatertún. Mar it brochte aktearspul hat der foar soarge, dat it premjêrepublyk omraak rekke wurde koe.

Yn de rin fan it ferhaal wurdt dúdlik dat Klaas en Jantsje wrakselje mei in persoanlik drama út it ferline. Harren soan is by in autoûngemak om it libben kaam. ,,It moat der út!”, seit Jantsje op in stuit. Mimyk, mise & sêne en wikselwurking wurde goed brûkt om de boadskip fan it drama oan de taharkers dúdlik te meitsjen. Visser en Soepboer litte harren net ôfliede troch in steursender yn it publyk. In grut applaus is harren beleanning. En dat is hielendal fertsjinne. De mienskip fan Broeksterwâld mei grutsk wêze. It is in tige noflike iepenloftjûn.

Twa, troch stichting Teatertún Broeksterwâld yn de teatertún fan Broeksterwâld, 125 besikers. Noch te sjen: op 26 en 27 augustus, 3 en 4 septimber.