Under it spikerskrift fan de stjerren. Skôging oer dichter Eeltsje Hettinga dy't takom wykein de Gysbert Japicx-priis kriget

Eeltsje Hettinga kriget moarn de Gysbert Japicx-priis útrikt. Dichter Arjan Hut joech earder dizze wike, tidens de Gysbertwike, dizze skôging oer de laureaat.

Eeltsje Hettinga.

Eeltsje Hettinga. Foto: MARCHJE ANDRINGA

It is betiid yn de moarn, de nacht noch yn de loft, as ik hieltyd fierder yn de jas krûp ûnder it ôfdak by de bussen op it stasjon fan Ljouwert. De lêste dei fan jannewaris, 2019, wachtsjend op lijn 62 rjochting Kollum, skoot der in swiere winterloft krekt te ticht oer de Bonnematoer. De wolken, tommeljende seppelins swier fan snie, ritse iepen en dêr jaget hommels in blizzard oer de stêd sa’t men dy yn gjin jierren meimakke. De flokken falle sa tsjok en machtich oer ús hinne dat wy, iere reizgers, al of net in mobyltsje foar de noas, feroarje yn skimmen, de bussen amper te ûnderskieden, in spul fan koplampen en kjeld, de bestimmingen en de nûmers fan de linen net te ûntsiferjen.

Nieuws

Meest gelezen