Willewurk út leafde foar taal en literatuer. In weromsjen mei Beitske van der Meer-Stavenga
Tritich jier lang hat Beitske van der Meer-Stavenga it foartou nommen yn in lêsgroep foar Fryske literatuer. No’t de earen minder wurde, moat it spitigernôch mar dien wêze, sa hat de ambassadrise foar Fryske taal en literatuer besletten. In weromsjen.

Beitske van der Meer met een selectie uit haar Friese bibliotheek. Foto: Marchje Andringa
Jorwert troch, nei it brechje rjochtsôf, en dan nei in lytse kilometer wer rjochtsôf, in betonreed del. Ferskûle achter in mânske pleats is dêr, yn it buorskip Fûns, it domisily fan Hindrik en Beitske van der Meer te finen: in ferskûle oaze mei it útsicht op fûgeltsjelân fol mei greideblommen. Noch wer in kilometer fierder nei it noarden ta stiet de grutte pleats fan Nijkleaster. It timmerhout op it nije dak ljochtet gouden op yn ’e sinne.