Yn ‘Us Man’ wurde de ferhâldingen tusken man en frou op skerp steld

Hoe tinke froulju oer manlju? Dat is de ynstek fan it stik Us man, dêr’t it Frysktalige teäterjier 2023 kommend wykein mei útein set. ,,In stik oer dy en my. Oer ús.”

Yn 'Us man' nimme twa froulju mannen de maat. Links Titia Huisman en rjochts Anneke Hondema.

Yn 'Us man' nimme twa froulju mannen de maat. Links Titia Huisman en rjochts Anneke Hondema. Foto: Simon Bleeker

Wat Youp van ‘t Hek mei Frysk toaniel hat? Sûnder mis net it measte, mar dat lit ûnferoare dat de kabaretier it brein is efter Us man . It humoristyske twalûk is nammentlik in oersetting fan de twa ienakters ( Hexen en Mijn Man ) dy’t Van ‘t Hek rûchwei fyftjin jier ferlyn skreau en dy’t doedestiids troch syn frou Debby Petter en aktrise Wivineke van Groningen op de planken brocht waard.

Nieuws

menu