De Fryske Bibel hie der net west sûnder ‘de bom fan Tsjom’

Yn Frjentsjer is útein set mei in nije Fryske Bibeloersetting. Mar hoe gong it yn ’e rin van de ieuwen mei it Frysk en de Bibel? In oersjoch en ûntjouwings dy’t plakfûnen.

G.A. Wumkes wie de earste dûmny dy’t in preek yn it Frysk yn in offisjele tsjerketsjinst die. Dat die er op 3 jannewaris 1915 yn de herfoarme tsjerke - no Johannestsjerke - fan Tsjom.

G.A. Wumkes wie de earste dûmny dy’t in preek yn it Frysk yn in offisjele tsjerketsjinst die. Dat die er op 3 jannewaris 1915 yn de herfoarme tsjerke - no Johannestsjerke - fan Tsjom. Foto: Marchje Andringa

Nei de reformaasje hat foar fierwei de measte Friezen de Bibel de Hollânske Bibel west, en wol dy fan ’e Steate-oersetting fan 1637. Dy Bibel waard yn ’e Herfoarme (Grifformearde) tsjerke lêzen, en wie boppedat ek de basis foar it ûnderwiis yn it lêzen. De mennisten brûkten in oare Bibel, remonstranten wiene der kwalik, roomsken hiene gjin offisjeel erkende Bibel yn ’e folkstaal ta har foldwaan.

Yn ’e njoggentjinde ieu feroaret dat kwalik. Dochs komme út dy tiid de earste oansetten om de Bibel - of better sein: parten dêrfan - yn it Frysk oer te setten.

Joast Halbertsma

De âldst bewarre Bibeloersetting yn it Frysk is dy fan Joast Halbertsma: it Evangeelje fan Mattéus, op fersyk fan Lucien Bonaparte, dat publisearre is yn 1858 yn Londen. Pas letter kaam it ek foar de Friezen algemien beskikber. Halbertsma wie domeny, mar ek taalwittenskipper, krekt sa’t Lucien Bonaparte dat ek wie.

Dizze oersetting wie ek part fan in taalwittenskiplik projekt: de prins woe mear witte fan ’e ûnderskate folkstalen yn Europa, en frege wittenskippers om oersettings yn alle mooglike talen en tongfallen. It boekje is dan ek útjûn yn Ingelân as part fan in rige. Folle wjerklank yn Fryslân hat it net hân. It wie ûntstien en funksjonearre yn ’e ynternasjonale wittenskiplike mienskip, net yn ’e Fryske mienskip.

De âldst bewarre Bibeloersetting yn it Frysk is dy fan Joast Halbertsma: it Evangeelje fan Mattéus, op fersyk fan Lucien Bonaparte

Dat is oars mei de oersettings fan Waalke van Borssum Waalkes, Gerben Colmjon en Sake Feitsma. It binne ek wer dieloersettings: Waalkes fan Markus, Colmjon fan Lukas, Feitsma wer Markus. Mar de oersettings wiene bedoeld foar gebrûk yn tsjerke, of alteast it geastlik libben. Van Borssum Waalkes wie út noch yn gjin Frysk beweger, mar brûkte syn oersetting foar kategisaasje. Hy begûn dermei yn ’e jierren fyftich fan ’e njoggentjende ieu.

Gerben Colmjon syn oersetting (eins: Zylstra-Colmjon) wie aardich letter (1879), op fersyk fan útjouwer Eekhoff, en dy wer op fersyk fan Frederike Rutgers, dy’t fan 1870 ôf in Frysktalige sneinsskoalle hie yn Hallum. Hja hat grif foar har sneinsskoallewurk - krekt as Waalkes foar syn fragelearders - in Frysk evangeelje hawwe wollen.

Noch letter is Sake Feitsma mei syn Markus (1897). Feitsma wie ôf-skieden grutwurden, hie ôfstân nommen fan ’e tsjerke, en gie noch wer letter by it Leger des Heils. Hy fielt him dan ek net bûn oan ’e tradysje fan ’e Steate-oersetting, en dat komt him op krityk út ’e rjochtsinnige hoeke te stean.

Colmjon en Feitsma kinne beide rekkene wurde ta de Fryske Beweging: hja woene de Friezen sa direkt mooglik oansprekke. Mar hja misse de oansluting by de tsjerke yn Fryslân. Dat komt omdat de Fryske Beweging, as de Nederlânske maatskippij begjint te ferpylderjen, benammen oansluting fynt by de liberale pylder (de Fryske Beweging hie fanâlds dat karakter) en de reade (dy’t it Frysk mei sin brûkt om oansluting by de mienskip te finen). Dêrtroch moatte de rjochtsinnigen just minder fan it Frysk hawwe.

It Kristlik Frysk Selskip wurdt oprjochte om dy drompel te sljochtsjen, mar hat it dêr net maklik mei. Dat ferklearret in protte fan wat langer wol neamd wurdt, troch Abe de Vries, ‘de bom fan Tsjom’: G.A Wumkes seach, wat yn syn eagen in gefaar wie: nammentlik dat de frijsinnichheid it Frysk kleme soe en dêr súkses mei boeke, wylst de rjochtsinnichheid de boat miste. Der wiene al in stikmennich Fryske preken troch frijsinnige domenys holden, as hy yn 1915 de tsjerkeried en gemeente fan Tsjom mei syn ferneamde preek oer Moazes’ dea oer it mad komt. Mar it plan wurket: der komt in geweldich stik publisiteit, it stek is foargoed fan de daam, en Wumkes-en-dy lûke de beweging fan it Frysk yn ’e tsjerke nei harren ta.

Al yn ’e jierren fyftich klinkt lykwols de rop om in nije Bibel yn it Frysk

Yn dat ramt ûntstiet der kontakt tusken Wumkes en it Bibelgenoatskip. Yn in gearkomste te Amsterdam wurdt de basis lein fan Wumkes syn oersetting. Utgongspunten: in oersetting dy’t ticht tsjin de Steate-oersetting oan sit, om it rjochtsinnige kristendom net fan it Frysk te ferfrjemdzjen. Tagelyk wol Wumkes syn oersetting ek wittenskiplik by de tiid wêze, ek al leit er dêr yn ’e publisiteit gjin klam op. Mar hy hâldt net fêst oan ’e grûntekst fan ’e Steate-oersetting.

Troch ticht tsjin de Hollânske Bibel fan 1637 oan te sitten, berikt Wumkes twa dingen: de Bibel wurdt in ‘nasjonaal-Fryske’ Bibel, sûnder de Nederlânske nasjonale saak te ferrieden, en hy makket it Frysk akseptabel as taal fan it hillige foar de rjochtsinnige pylder. De prissentaasje fan ’e oersetting yn 1943 - de oarloch sil meiholpen hawwe - is in grut súkes. Ek al bliuwe fierwei de measte tsjinsten en preken yn it Hollânsk, der is in Fryske rjochtsinnige streaming ûntstien dy’t meidocht yn it maatskiplik petear. In minderheid, mar in nije minderheid, en in oanwêzige minderheid.

Jierren fyftich

Al yn ’e jierren fyftich klinkt lyk-wols de rop om in nije Bibel yn it Frysk. Dat sil dermei te krijen hawwe, dat foar in grut part fan it Nederlânsk protestantisme, dus ek foar de Friezen, de Steate-oersetting ferfongen wie troch de NBG-Bibel fan 1951. Boppedat begûnen de pylders ôf te broazeljen: de trochbraak wie wol net wurden wat guon minsken hope hiene, mar it wie wol dúdlik dat it tiidrek fan ’e pylders ôfrûn. Dêroerhinne wie de stavering fan it Frysk yngripend wizige yn 1946. Alles mei alles wie de oersetting fan Wumkes fyftjin jier nei ferskinen eins al net mear by de tiid.

* Dit is diel ien yn in twalûk oer de Bibel en it Frysk. Dr. Liuwe Westra is klassikus en teolooch, en wurket as ûndersiker en oersetter

Nieuws

menu