Eppie Dam en Gerben van der Veen werkten samen aan het lijdensverhaal in een nieuwe Friese versie. ‘In frjemdling yn Jeruzalem’ zal velen verrassen

‘In frjemdling yn Jeruzalem’ heet de nieuwe Friese passie. Het is een verrassend lijdensverhaal waarin de actualiteit van nu ook een plaats heeft. ,,It grutste ferskil is dat dit stik fierder giet nei de grêflizzing fan Jezus.”

De nieuwe Friese passie wordt bekeken door Eppie Dam en Gerben van der Veen.

De nieuwe Friese passie wordt bekeken door Eppie Dam en Gerben van der Veen. Foto: Simon Bleeker

Het was een heugelijk moment donderdagochtend 10 september. Bij Intrada in Heerenveen kregen Eppie Dam en Gerben van der Veen het eerste gedrukte exemplaar in handen van de nieuwe Friese passie, waar ze enkele jaren samen honderden uren aan hebben gewerkt als schrijver en componist.

Bij Intrada in Heerenveen wordt het werk uitgegeven en daar is ook uitgever Jan de Jong trots op. Het is nu immers een geheel nieuwe versie van het Bijbelse lijdensverhaal, die zijn weg moet vinden in zowel Fryslân als daarbuiten.

Eppie Dam (1953) was in 2008 verantwoordelijk voor de eerste Friese Mattéuspassy . ,,It wie feitlik myn oersetting fan de Matteüspassie fan Jan Rot. Dy is yn totaal fiif kear útfierd, wêrûnder twa kear yn Dútslân, dat wol sizze Ostfriesland.”

Samenwerking

In 2018 en 2019 volgde een tournee in het kader van Leeuwarden-Fryslân Culturele Hoofdstad 2018. Daarbij werkten Dam en dirigent en componist Gerben van der Veen (1956) samen. Toen ontstond feitelijk ook het plan om met een eigen Friese passie te komen.

,,Gerben kaam mei it idee. En ik ha dalik ja sein. Ik skriuw al tritich jier kantates en liturgyen en wit yntusken hoe’t wurden wurkje, en hoe’t ik oer dingen tink. In Passy lústeret tige nau en hat gefoelichheden yn him. Dy ha ik earder noait opsocht, mar ik bin der likemin foar omlizzen gien. Sa hat it no ek west. Ik bin in minske en ha deselde fragen as elkenien.”

Vreemdeling

De nieuwe passie kreeg als titel In frjemdling yn Jeruzalem (Een vreemde in Jeruzalem) met als ondertitel De passy fan in sjenner (De passie van een ziener). Waar gaat het stuk over en waarin verschilt het met andere muzikale uitvoeringen van het bekende verhaal van Pasen?

,,It grutste ferskil is dat dit stik fierder giet nei de grêflizzing fan Jezus. De titel is ûntliend oan it bekende ferhaal fan de Emmaüsgongers. Trije dagen nei Jezus syn begraven komme twa fan syn freonen, ûnderweis nei Emmaüs, in ûnbekende man tsjin. Yn Jeruzalem en omkriten hat Jezus syn dea it petear fan ’e dei west, mar dizze man skynt fan neat te witten. Se freegje him: ‘Of binne jo in frjemdling yn Jeruzalem?’ Ja, dat wie Jezus, ek yn rommer opsjoch. Hij paste net yn dizze wrâld: Jezus mei syn passy foar rjochtfeardichheid en syn pleitsjen foar leafde ûnder minsken. Wêr’t it stik ek nij yn is, is it omtinken foar álle sân wurden dy’t Jezus útsprutsen hat oan it krús. Dêr krijt it ferhaal in oare lading, komme âlde woartels boppe en klinke echo’s troch út beide testaminten.”

Er zit ook een duidelijk morele boodschap in voor de mensen anno 2021, legt Dam uit: ,,It boadskip is dat de ienling mei in idee it ôfleit tsjin de geastlike macht, de opportunistyske polityk en it ritige folk. Mei de massa kin it alle kanten út, sa’t wy hjoeddedei ûnderfine. Yn ús kontreien roppe we lûd fan ‘mienskip’, mar Jezus syn werklikheid wie ‘ienskip’. As wie it de priis dy’t in minske betellet foar syn oertsjûging.”

Qua teksten zitten er enkele verrassende elementen in, die misschien historisch gezien niet kloppen, maar waarmee Eppie Dam een onderliggend thema naar voren wil brengen. ,,Der sitte yn it ferhaal in pear opsetlike anagronismen. Dat wol sizze: dingen dy’t net strike mei de tiid en de kontekst fan doe. Net alles kin yn ’e skuon skood wurde fan it joadske Sanhedrin dat Jezus feroardiele hat. Dêrom wurde yn ien sike konsylje en synoade neamd. Gjin rjochtbanken nei de letter, mar ek dêr wurdt besletten mei mearderheid fan stimmen. De skiednis lit sjen dat soks net altyd goed beteart foar de ienling dy’t ôfwykt fan de lear.”

Helden en schuldigen

We leven in een tijd van toenemende polarisatie in de samenleving. Wereldwijd is dat zichtbaar. Er is tegelijk daarbij sprake van een ‘afrekencultuur’, constateert Dam, waarbij mensen snel van hun voetstuk kunnen vallen. ,,Ek yn ús tiid is it moade om helden en skuldigen oan te wizen. Dizze passy sjocht dêr oars tsjinoan en beskôget bygelyks Petrus en Judas alderearst as minsken, yn dy sin lyk-weardich. Se hiene beide grutte ferwachtingen fan Jezus, en fan harsels, mar dat lêste ha se beide net wiermeitsje kind.”

,,Us ferhaal wol sjen litte datsto miskien better op froulju bouwe kinst, ivich de stille krachten yn ’e kantline fan de histoarje. Dy toane har hjir as wiere heilsoldates foar de frede. Net om ’e nocht wurde de manlike aria’s songen yn it earste part, en de froulike yn it twadde, nei it skoft. Dêr sprekt ynherint in hoopfolle ûntjouwing út.”

Niet alleen is er een Friese tekst geschreven voor In frjemdling yn Jeruzalem , maar is ook de Nederlandse versie al klaar. Gerben van der Veen en Dam hopen namelijk dat de nieuwe Friese passie ook elders in het land uitgevoerd gaat worden door koren en ensembles.

,,Wy tinke dat it stik it wurdich is. It oersetten hat in drege put west en ferge soms in oare manier fan tinken. Ien foarbyld: neidat politikus Pilatus syn hannen yn ûn-skuld wosken hat, sjongt de Fryske ferteller: ‘Pilatus wie omraak te brûken’, mei oare wurden, tige op ’t skik. Dat stiet ryklik fier ôf fan de Nederlânske ferzje: ‘Pilatus ging naar een wijntje op zoek’. Mar de essinsje bliuwt gelyk. De hiele passy rimet, en yn de Fryske komme froulju om ’e hoeke; yn de Nederlânske ‘vrouwen om de hoek’. Fansels om Pilatus it leksum te lêzen. Hjir hat Gerben wat oanpasse moatten oan de noaten, mar sa’n 90 persint fan de oersetting kin op deselde wize songen wurde. Dêr falle ek de aria’s en de koralen ûnder.”

De première in Fryslân is op 8 april 2022 in Minnertsga. De eerste uitvoering is door Hortus Vocalis, het koor waarvan Gerben der Veen dirigent is. Op 9 en 10 april volgen dan uitvoeringen in de rooms-katholieke Heilige Geestkerk in Heerenveen. Koren, solisten en ensembles kunnen nu al met het materiaal aan de slag, nu de boeken bij Van der Eems van de persen zijn gerold. ,,Wy kinne dus los.”

Lijdensverhaal

Dam schreef het libretto deels in de tijd van de coronapandemie. Dus vanaf maart 2020. Had dat ook nog invloed op de tekst? ,,Koroana hat foar my persoanlik net folle feroare. Elke skriuwer sit fan natuere yn in bubbel en wol dêr leaver net wer út, oars komt der neat ta stân. Mar it is wier: de stilte en de seeën tiid ha my nóch mear bij it lijensferhaal bepaald. Dêrtroch hat it stik oan presysje, urginsje en djipte wûn.”

Hoe kijkt hij terug op het passieproject dat hij nu samen met Gerben van der Veen heeft voltooid? ,,Gerben en ik witte presys wat we oan elkoar ha en tinke oer in protte dingen itselde, dat skilt. Boppedat pakt Gerben as gjin oar de finesses op fan it Frysk. Dat makket it foar in librettist útdaagjend en noflik om mei sa’nen te wurkjen.”

Buiging naar de meester

Toen Gerben van der Veen in 2019 de tekst van In frjemdling yn Jeruzalem voor het eerst las, was hij ,,fuortendalik entûsjast en ûnder de yndruk” van de tekst van Eppie Dam, zegt hij. ,,Ik mocht der wat noaten by sette, mar wêr en hoe begjinne je dan?”

,,De ingrediïnten dy’t Bach brûkt yn syn passy’s en kantates hawwe foar my as dirigint en komponist altyd tige ynspirearjend west. Dêrmei haw ik ûnderfine kinnen hoe’t de foarmjouwing en de komposysjetechniken dy’t Bach brûkt har útwurking hawwe op de musisy en it publyk. Dêrom meitsje ik yn dit, foar my magnum opus , in protte gebrûk fan foarmen en techniken dy’t werom te bringen binne nei Bach.”

Een kleurrijk palet

In het bijzonder de zogenoemde tekstexpressie is een onderdeel dat Bach als geen ander beheerste. ,,Myn hiele libben hat my dat eins fassinearre. Ik meitsje yn dit wurk eins in bûging nei de grutte master.” De muziek die Van der Veen bij de nieuwe Friese passie schreef, zorgt voor een kleurrijk palet. ,,It stik is skreaun foar koar, ferskate solisten, harmoanium, marimba, harp, fluit, hobo, strikers en pauken en bestiet út koardielen, koralen, resitativen en aria’s, krektlyk as yn de passy’s fan Bach. It Frysk is myn memmetaal. It is in prachtige klankrike taal mei in protte twalûden en nasale klanken en dêrtroch poergeskikt om te sjongen.”

Met dank aan ,,de moaie tekst fan Eppie Dam en oan koroana” kon hij zich in 2020 helemaal richten op het componeren van de muziek. ,,Eppie syn teksten binne skreaun mei grutte fakkundichheid, ryk fan taal, ynhâldlik goed ûnderboud en altyd by de tiid, krekt as bist der sels by. Hoewol’t it ferhaal my bekend is en it Frysk my eigen is, stelt sa’n tekst je dochs wer iderkear foar keuzes. Nim bygelyks de wurden ‘Myn God, myn God, wêrom ha Jo my ferlitten’. Asto de klam op wêrom leist, krijt it in hiel oare betsjutting as dat de klam op my komt.” Hij had over zulke keuzes regelmatig contact met Dam. ,,Beide gean we foar it bêste einresultaat. Soms song ik efkes in sin yn op myn mobyl en stjoerde dat mei in appke nei Eppie.” Nu de Friese passie in boekvorm klaar is begint de volgende fase. ,,Op nei de útfiering op 8, 9 en 10 april takom jier.”