Lees hier ons Privacy Statement en Cookie Statement
maandag 25 juni

Cultuurmaandag, 14 september 2009

Campingkonsert fan teater Snits grut sukses
Gerbrich van der Meer
De lêste donkere wolken lutsen krekt oer doe’t foarsitter Klaas Visser fan toanielferiening Teater Snits in unyk iepenloftkonsert iepene op Camping Pasveer yn Loaiïngea. Fergees, mar it publyk moast wol soargje foar eigen stuollen, hie op de affiches stien. Gjin probleem. Yn ’e auto’s wie genôch plak. Fleurich fytste mannich fytser mei stoel yn ’e hân of efterop it sitsje it hiem fan de famylje Hoekstra op, de eigners fan de camping.
Wylst de auto’s op de Ljouwerterdyk monotoan foarby stoden, stiene en sieten 300 minsken om trije oere klear foar it konsert. Spesjaal foar dizze gelegenheid hiene de Snitser Fanfarekorps de Harmonie en de kristlike muzykferiening Concordia út Drylts de hannen yn inoar slein. It gehiel stie ûnder lieding fan dirigent Jan Hibma.
Mei soarch hie de organisaasje socht foar in passend dekor. Wylst oan ’e iene kant fan it ynstekhaventsje it publyk siet, siet dêr rjocht foaroer it korps mei dêrachter in platboaiem mei brune seilen. It lytse boatsje dat foar it korps yn it wetter lei, wie ornearre foar dichteres Yva Hokwerda en sjonger Gerrit Breteler.
It korps dat twa jier lyn noch mei teater Snits meiwurke hie oan it iepenloftspul Fanfare, sette út ein. It wie troch de stûve wyn net maklik spyljen, mar lokkich holden de knipers de measte partijen goed op de lessener.
Bysûnder wie de bydrage fan Yva Hokwerda, dy’t tusken de muzykwurken troch foardroech út eigen wurk Eins wie dat har pseudonym ferklapte se daliks. ,,Gewoanwei bin ik Ytje Hoekstra en ik bin hjir op ’e buorkerij grut wurden." De ferzen dy’t se foardroech, hiene dan ek allegearre te krijen mei har jonge jierren op ’e pleats. Wylst de sinne trochbruts, ferhaalde se oer har heit, oer har langstmen en har ferlerne jonkheid.

Subsydzje

Minsken lûke minsken. Nei it skoft, de jassen koene ûndertusken noflik út, wiene der hast fiifhûndert minsken fan ’e partij om te harkjen nei it twadde part fan it konsert: Gerrit Breteler en pianist Gerrit Hager. Syn ballades foelen goed yn ’e smaak. In pear lieten waarden begelaat troch it ûnfersterke korps. Spitigernôch foel dat fuort tsjin de fersterke piano, mar der kaam in werkânsing. Oan ’e ein fan it konsert koe it korps him nochris jilde litte mei it liet Op een dag drink je geen Grolsch meer, dat fleurich meisongen waard troch it publyk.
Dat it konsert fergees wie hie alles te krijen mei in subsydzje dy’t Teater Snits taskikt krigen hie. Wethâlder Hans van den Broek hie yndertiid foar de produksje fan de Fanfare yn 2006, by de Stúverse Bruggen, in bedrach fan 20 tûzen euro tasein. Letter kaam er dêrop werom. Uteinlik waard it in rjochtsaak. Lang om let krige Teater Snits in subsydzjebedrach fan 1500 euro. Besmet jild, neamde de foarsitter it. Mar dêrmei koene se wol in feestje bouwe: dit evenemint. It konsert kriget fêst in ferfolch, sleat de foarsitter tefreden ôf, mei sok waar, sa’n soad minsken en sokke moaie bydragen koe it barren net mear stikken.
iIepenloftkonsert mei Snitser Fanfarekorps de Harmonie en Concordia út Drylts, dichteres Yva Hokwerda en sjonger Gerrit Breteler, Camping Pasveer yn Loaiïngea, 450 besikers

Reageer op dit artikel | Aantal reacties 0


Reacties:

cultuur
Familieberichten
Advertenties