Lees hier ons Privacy Statement en Cookie Statement
dinsdag 19 juni

Cultuurmaandag, 8 januari 2018

Muzyk op en top yn Jouster nijjiersrevu
We dogge noch in rnt-sje. De Nijjiersrevu de Jouwer hie it net better betinke kind. It waard ien grutte lofsang op de lste rotonde yn it rykswegenet.
It publyk dat fan betinken wze soe dat it oer in alkoholysk drankje gong, waard trouwens net echt teloarsteld. De rntsjes fan sjongen, muzyk en sketskes giene de hiele jn troch. Leafst tweintich nmers waarden troch de ploech nei foarren brocht.
Allegearre rne foarmen dyt him ek ftekenen yn it ienfldige dekor. Goed betocht, mar by eintsje beslt moat konstatearre wurde dat de Jousters better yn muzyk en sjongen binne as yn spyljen. Net dat dat lste min wie, mar de muzikaliteit wint en net in bytsje.
Wat hat elkenien genietsje kind fan de meast jonge muzikanten, dyt mei grut gemak de gitaar, fioele, kontrabas en akkordeon oppakten. Prachtich en it sjongwurk gong super lyk op. Mei wille en lef waard der wat goeds delsetten. Wille en lef wie der ek by it bringen fan de koarte toanielstikjes, mar de oerdriuwing fan de personaazjes wie net altiten like fraai. De seal maalde der net om, mar as de spilers har wat mear ferdjippe hiene yn de basisregels fan kluchtspyljen, dan hie der in soad te winnen west. Boppedat waard der geregeld praat mei in ferdraaide stimme en dat wie perfoarst net nedich. Wat wol wer sein wurde moat is dat men dat konsekwint trochsette: de hiele sne lang.
Der wurdt oanjn dat de ploech himsels regissearre hat en dan falle alle boppesteande opmerkings miskien wol te plak. Hawar. De muzikale lieding wie yn hannen fan Leon Smits en dr kin men allinne mar wurdearring foar ha. Fansels hat hy help hn, want der moasten hiel wat arranzjeminten komme. En wat te tinken fan alle teksten?
We dogge noch in rntsje, t Haske, Nijjiersrevu de Jouwer. Oantal besikers: 240. Noch te sjen: 12 jannewaris de jns en 13 jannewaris de middeis en jns.

Reageer op dit artikel | Aantal reacties 0


Reacties:

cultuur
Familieberichten
Advertenties