13 jier: in puntgeve argeologyske fynst, dy ik altyd wer opdolle kin | Kollum Jaap Krol

Ik wie 13 jier en soe mei in freontsje foar it east in dei nei de grutte stêd – Grins. Freontsje syn heit moast der foar syn wurk al betiid wêze, sadat wy al om njoggen oere troch de noch deastille Hearestrjitte rûnen.

Jaap Krol.

Jaap Krol.

Ut de auto wei hie ik al sjoen dat guon huzen aardich ferpaupere wiene, wat ik gewoanwei skokkend fûn. Ik hie fansels hielendal gjin ferstân fan ferpaupering, ik seach allinnich mar brykhingjende gerdinen of smoarge fitraazje foar guon ruten hingjen en miende dat dy disoarder paste yn it logaritmyske rychje wurkleazens - earmoed - drugs. Julio Iglesias en Willie Nelson songen To all the girls I’ve loved before op de radio, in ferske dat de rest fan de dei yn myn kop siet.

Nieuws

menu