Sûnt it kontaktleas beteljen rûgelet gjin lytsjild mear út myn bûsen. Mar foarige wike wie it wer ris âlderwetsk raak | Kollum Jaap Krol

Manlju binne oars as froulju, dat is bekend. Se binne beweechliker en sterker. Dat is gjin kultureel oardiel, mar biologysk. Manlju drave yn de regel hurder en kinne ek better in hompe turf op de kroade skeppe.

Jaap Krol.

Jaap Krol. Beeld: FD

Dy beweechlikheid sit him trouwens net fuort yn grutte bewegings. Yn en om it eigen lichem wurdt der ek hiel wat ôfbeweecht. Benammen om de heupen hinne is it faak drok, foaral by eveneminten as yn de rige stean of oer strjitte rinne. Broeksbûsen binne dan ek gefoelige plakken, om’t se faak stikken-beweecht wurde. Ik beken dan ek dat mannich bûse fan myn rike kolleksje spikerbroeken (3) gatten hat troch al dat frommeljen oan kaaien of bûsdoeken.

Nieuws

menu