Jou keunstners en kultuermakkers in opdracht; skriuw, komponearje, skilderje of byldhou dizze tiid ta in monumint | Column Anke Bijlsma

De krante stiet der fol mei; maatskiplike ûnrest, oarloch, klimaatproblemen en noch in soad oare ellinde. Oeral is in tekoart oan en fan. De minsken binne oerstjoer. En fansels wolle we ien de skuld jaan. In sûndebok wurket as in katalysator. We tinke yn ‘sy’ en ‘wy’. ‘Sy’ dat binne de politisy. ‘Wy’ dat binne de ûnskuldige boargers.

Anke Bijlsma.

Anke Bijlsma. Beeld: FD

Ik sit al in tal jierren op it stimburo yn Nes (gemeente Noardeast Fryslân) mar kin net fernimme dat ‘wy’ dan allegear beslute om fan ús demokratysk rjocht gebrûk te meitsjen troch te stimmen en ús politisy te kiezen. Ik fyn it dan ek in frjemd ferskynsel dat der no sa krimmenearre wurdt oer it belied en oer hokker minsken yn Den Haach ús lân bestjoere. Dy hawwe we dochs echt sels útkeazen. Of we hawwe net stimd en dêrtroch de kar oan in oar oerlitten.

Nieuws

Meest gelezen

menu