Boer, fee en greidefûgels de klos mei wolf yn de greide | Opiny

Oer de wolf wurdt in soad skreaun en sein sûnder dat men alles wit fan wat him op it plattelân ôfspilet. As it de kar is om mei de wolf te libjen, dan is de fraach hoe en wa‘t dêr foar ferantwurdelik is.

Schapen in de wei bij Vrouwenparochie.

Schapen in de wei bij Vrouwenparochie. Foto: Marchje Andringa

As mienskip moatte wy mei ús allegear passe op de natuer en dat dogge wy net goed, want dat kostet ús te folle jild. Sa is it ek mei de wolf. As boer hast soarchplicht foar dyn fee en moatst dyn fee beskermje. Dat hat altiten sa west en is noch sa.