It dekôr fan geheimsinnige bosken en grutte lânhuzen wie gewoan dat fan myn eigen jeugd | Kollum Jaap Krol
In pear moannen lyn fiske ik ‘Lady Chatterley’s Lover’ út it âld papier fan ien fan myn buorren. It boek lei dêrnei in skoftke by my op in steapeltsje te fertutearzjen, mar foarige wike krige ik it by de hân en lies ik it yn fjouwer lange halen út.

Jaap Krol. Beeld: FD
It kontroversjele wurk waard publisearre yn 1928 en giet oer in iensume jonge frou en handicapte, arrogante hear fan stân. Se miene dat se geastlik in ienheid foarmje, mar dat is net sa. Lyksa bestiet de hiele wrâld om harren hinne – oft dat no de kletspraat fan de upper class is of de liifslopende arbeid fan mynwurkers is – út leagens, om’t minsken fêsthâlde oan ynprinte ideeën en foaroardielen. Connie Chatterley leit it oan mei de koppige boskwachter Oliver Mellors, mei wa’t se yn in hut geweldige yntime mominten belibbet, dy’t har libben op ’e kop set.