De iene mienskip is de oare net. It is tiid foar restauraasje: mienskip as konkrete solidariteit yn it neistribjen fan dielde dreamen | Essay Abe de Vries

In tophit yn it dielde jargon fan polityk bestjoer en kultureel ûndernimmerskip is al in moai skoft it wurd ‘mienskip’. It gebrûk en de feroarjende, hieltyd abstraktere betsjutting derfan yn ’e rin fan ’e jierren sizze wat oer it demokratysk tekoart. Tiid foar restauraasje: mienskip as konkrete solidariteit yn it neistribjen fan dielde dreamen.

Michel Pauluis (met pet) gaf afgelopen maart een rondleiding over de tuin van Ús Hof tijdens een buurtmarktbijeenkomst van voedselcoöperatie Ús Iten.

Michel Pauluis (met pet) gaf afgelopen maart een rondleiding over de tuin van Ús Hof tijdens een buurtmarktbijeenkomst van voedselcoöperatie Ús Iten. Foto: Simon Bleeker

Der binne fan dy wurden dêr’t je net yn ien eachopslach fan begripe wat se krekt betsjutte. Om te sjen hoe’t se presys bedoeld wurde, moatte je de kontekst fan it gebrûk kenne. Want betsjuttingen wolle nochal ris útinoar rinne. ‘Demokrasy’ bygelyks. Wat de Grykse útfiners derfan makken, in polityk systeem mei stimrjocht foar de iene groep (frije Atheners) en rjochteleazens foar in oare (slaven), dat griist ús tsjintwurdich oan. Sa is it ek mei it wurd ‘mienskip’. Ik wol koart sjen litte hoe’t dat wurd yn Fryslân de lêste jierren brûkt, of better sein, misbrûkt wurdt op in manier dy’t langer net yn ús belang is.

Nieuws

menu