De tiid hâldt wol skoft | Column Anke Bijlsma
It oerkomt my faak ûnder it rinnen dat ik plannen útwurkje yn myn holle, tentoanstellingen betink, of in foarstelling ûntwikkelje. De enerzjy dy’t dan nei boppe komt jout in boost. Mar de tiid bin ik kwyt. En eins de ôfstân ek.

Anke Bijlsma.
It is sa’n siswize: de tiid hâldt gjin skoft. Rasjoneel besjoen is dat ek sa. De klok tikket troch by alles wat we dogge. Ik belje mei myn dochter dy’t oan ’t skriuwen is op Skiermûntseach. Sy hat it der oer dat se sa no en dan de tiid kwyt is omdat se dan sa konsintrearre dwaande is. Dat is sa werkenber; hielendal opgean yn de ynspiraasje en dêrtroch tiid en plak ferjitte. De gedachten nimme it oer.
Direct verder lezen?