De universitêre stúdzje Frysk yn Grins stiet faai | Opiny

De akademyske bestudearring fan it Frysk liket sterk yn ’e knipe te kommen. Dat is kwealik, skriuwt it bestjoer fan Stifting Freonen Frysk Ynstitút Ryksuniversiteit Grins.

It Grinzer Akademygebou mei de Fryske flagge, doe’t Teake Binnert Hoekema as earste, op 4 desimber 1951, it doktoraal Frysk krige.

It Grinzer Akademygebou mei de Fryske flagge, doe’t Teake Binnert Hoekema as earste, op 4 desimber 1951, it doktoraal Frysk krige. Foto: Frans Popken/Tresoar

Op 3 desimber 1951, fuort nei Kneppelfreed, waard it earste doktoraaleksamen Frysk ôflein oan de Ryksuniversiteit Grins. No dus ek krekt 70 jier lyn. Troch Kneppelfreed krige dat feit doe in soad omtinken yn de media, sels lânlik. En de RUG die grutsk mei: de Fryske flagge waard útstutsen oan it Akademygebou. De dekaan fan de letterenfakulteit spruts by de útrekking fan ’e bul wiidweidich oer it belang fan de wittenskiplike bestudearring fan it Frysk en de betsjutting dêrfan, net allinne foar Fryslân.

Nieuws

menu