De yllúzje fan in libbene Frysktalige kultuer | Opiny
Hjoed twahûndert jier lyn, op 14 augustus 1821, waard Waling Dykstra berne yn it bakkershûs fan syn pake yn Froubuorren. De Fryske taalmienskip dy’t er mei foarme hat, is oan it ferdwinen. Hoe soe de folksskriuwer nei it moderne Fryslân sjen?

Borstbeeld van Waling Dijkstra in Holwerd. Foto: JanSpoelstra.nl
De earste taal dy’t Waling Dykstra as bern hearde wie it Bilts. De twadde taal dêr’t er mei yn ’e kunde kaam, op skoalle, wie it Nederlânsk. De tredde taal dy’t er him eigen makke, wie it Frysk. Frysk learde er praten fan ynwenjende muoikes en lêzen út de boeken fan de Halbertsma’s dy’t by pake en beppe op ’e planke stiene. Mar it Frysk te skriuwen – dêr hat de man dy’t letter as gjin oar de Friezen de leafde foar har eigen taal bybringe soe, him nei alle gedachten sels mei rêde moatten.