Doarpslibben of stedslibben? It moderne doarpslibben hat de minsken loai makke | Kollum Jaap Krol

Jou Jaap Krol mar leaver de stêd as it doarp. Dêr rint ommers noait in kop oer strjitte. In bytsje doarp is tsjintwurdich in sintrum sûnder mienskip wurden.

Jaap Krol.

Jaap Krol. Beeld: FD

Myn freondinne wennet yn it doarp Winsum, yn Grinslân. Mei fiiftûzen ynwenners is it net echt lyts, mar de skaal rekket ek wer net oan dy fan in stedske nijbouwyk. Der binne in Albert Heijn, in Aldi en in Praxis en wat spesjaalsaken, dat it foarsjenningenivo is prima.