Jaap hie in drege middei. Hy gie nei in literêr-artistyk praatprogramma oer it tema klimaat | Kollum Jaap Krol

Wy wiene nei in literêr-artistyk praatprogramma set oer it tema klimaat. Dan witte je fansels dat it in drege middei wurdt, ek al skynde it wetterige sintsje noflik oer de stêd.

Jaap Krol.

Jaap Krol. Beeld: FD

Earst waard skriuwer Donald Niedekker ynterviewd, de skriuwer fan Waarachtige beschrijvingen uit de permafrost . Yn dizze roman komt in begroeven dielnimmer fan de ekspedysje dy’t ûnder lieding fan Willem Barentz de gong om de Noard ûndersykje moast wer ta libben, fanwege it ynsettende teiwaar. Foar Niedekker wie de klimaatsferoaring dus in boarne fan ynspiraasje, mar dy ynspiraasje is ek ynjûn troch de wittenskip, dy’t in wichtige rôl spilet yn it ferhaal. De roman is nominearre is foar de Libris Literatuerpriis. Niedekker fertelde dat er net sa dwaande is mei de priis, mar foar it klimaat soe it goed wêze dat er him krijt.