Ferjitten tiid | Kollum Jaap Krol

Ik lês in boek: Geleefd geloof – Het geloofsleven van boeren en burgers in Friesland en de Ommelanden van Groningen (1200-1580). Ergens wachte ik al hiel lang op dat boek, om einlik ris te lêzen hoe’t it no sit.

Jaap Krol.

Jaap Krol. Beeld: FD

Hoe’t it dus sit mei de gewoane minsken en harren tinkwrâld of sjenswizen, de gewoane minsken dy’t libben yn in sawat ferjitten tiid – foar de Reformaasje dus. Dy minsken binne dêrom net maklik te finen. Wy ha bygelyks argiven, registers, wetsteksten en allerhanne opskreaune bepalings, mar gjin persoanlike deiboeken, in keukenresept of in setsje klean. It giet dus foaral om it libben om taastbere oerbliuwsels hinne, lykas doopfonten of boeken.

Nieuws

menu