It firus hat my te pakken. Dochs noch, soe ik hast sizze | Column Jaap Krol

De ôfrûne jierren ha ik alle oanfallen fan koroana of gryp op krêftige wize fan my ôfslein, sadat ik earne begûn te leauwen dat ik in soart fan Superman wie. In held fan de bûtenkategory, oan wa’t alles foarby giet en dy’t dêrom de namme ‘Teflon Jaap’ fertsjinnet. No, net dus.

Jaap Krol.

Jaap Krol. Beeld: FD

Ik siet freed betiid yn de trein en fielde earne wat opkommen. ‘Earne‘ wol sizze: fier achter de eagen en om de mage hinne. Sokke sinjalen binne noait om ’e nocht, dat ik begûn my iennige soargen te meitsjen. De sinjalen dus: sloech, swierdere eachlidden en in stadichoan ôfnimmende ytlust. Healwei de dei feroare der neat, sadat ik hope krige dat it oergean soe. Mar dat wie fansels net sa. Om alles út te sluten die ik ek noch mar efkes in test, want in oankommend grypke wie miskien ien ding, koroana wie wat oars.

Nieuws

menu