Fjoerwurk. 'De net-oprêders sille miene dat de gemeente dat oprêde moat' | Column Jaap Krol
Jaap Krol hat it gefoel dat der wat net kloppet by de kosten fan fjoerwurk. It bliuwt ommers net by de miljoenen dy’t útjûn wurde by de oanskaf derfan.

Jaap Krol. Beeld: FD
Ofsjoen fan it feit dat de 110 miljoen euro dy’t útjûn is oan it ôfstekken fan sawol licht as swier fjoerwurk ek dit jier wer laat hat ta tsientallen eachletsels, benaude mominten foar hûnen en katten, swijende fûgels, grutte en lytse brannen dêr’t brânwachtauto’s de hiele nacht stêd en lân foar ôfreizgje moasten, grutte eangsten by minsken dy’t flechte binne út gefaarlike oarlochsgebieten, loftfersmoarging yn tiden fan in wrâldwide ekologyske ramp, wetter- en boaiemskea, stikkene ruten, inkelde deaden, skulden, brutsen bonken, nije dôven en blinen, gehoarskea by aginten, obstruksjes by it ferlienen fan help troch ambulânsepersoniel, skea oan weidekken en stoepen, opblaasde bushokken, mar krekt oan totale brannen ûntsnapte huzeblokken, útbaarnde auto’s fan minsken dy’t sels gjin fjoerwurk kocht hawwe, ferwûne minsken om’t se tafallich oan de wei of yn de doar stiene te sjen, djoere útjeften om’t de ME optrede moast en grutte bekken as der sein waard dat dizze saneamde tradysje sinleas is, wurdt de rotsoai faak ek net oprêden.