Fjoerwurk | Kollum Jaap Krol

Ik kom út Beetstersweach, haadplak fan de gemeente Opsterlân. Yn myn jonge jierren wie it dêr de gewoante om mei âld en nij allegear fjoerwurk ôf te stekken. It gie om bygelyks astronauten, pylken en jankende keukenfamkes, mar ek lûktoutsjes, stjerkes en tûzenklappers.

Jaap Krol.

Jaap Krol. Beeld: FD

Dêrneist wie der op it skoalplein fan myn middelbere skoalle in libbene hannel yn strikers. Dy joegen mear knal en wiene gefaarliker foar de earen, eagen of fingers. Oait haw ik ien (=1) eksimplaar kocht, in knalstêfke dat ik fanwege it mooglike gefaar noait ôfstutsen haw en dat sadwaande moannenlang op myn buro lei te niksen.

Nieuws

menu