Myn favorite stikje fleis is it broadsje knakwoarst mei mostert en ketchup, mar dy kombinaasje kin it deiljocht om meardere redenen net mear ferdrage | Kollum Jaap Krol

Ik yt fleis, mar dat komt ek om’t fleisferfangers noch net sa lekker binne as in soppich karbonaatsje of speklap. Ik yt trouwens net in soad fleis, sis ik der fuort efkes diplomatyk by: heechút ien kear yn de wike en dan net fan dy lapen fan it formaat doarmatte, mar beskieden snipperkes smaakmakkers yn in saus of stamppot.

Jaap Krol.

Jaap Krol. Beeld: FD

Hoe oars is alles dochs wurden yn de ôfrûne jierren. Fjirtich jier ferlyn wiene persoanen dy’t amper fleis ieten in eksoatysk slach minsken, dy’t erges in ôfslach mist hiene. Om mar net te sprekken fan fegetariërs. Dat wiene sektaryske ienlingen, mei in twangmjittige wize fan dwaan en litten. No hat it fleisleaze menu de takomst, wat in goeie saak is. Myn favorite stikje fleis is it broadsje knakwoarst mei mostert en ketchup, mar dy kombinaasje kin it deiljocht om meardere redenen net mear ferdrage.

Nieuws

menu