Frije jonge. 'Op 3 novimber makke ik dus braaf myn omsetbelesting oer, ûnder fermelding fan ‘Vooruit dan maar’' | Column Jaap Krol

Jaap Krol hat in eigen firma ynskreaun by de Keamer fan Keaphannel: Jaap Krol Schrijverij. Hy sleat it earste kwartaal ôf mei ferlies.

Jaap Krol.

Jaap Krol. Beeld: FD

Myn belestingkonsulint riede my oan om nei te tinken oer in eigen firma. Ik koe my dan ynskriuwe by de Keamer fan Keaphannel, bygelyks ûnder de namme ‘Jaap NV’ of ‘McJaap’. Sa oanred, sa dien, want sûnt dit advys bin ik in waarm foarstanner fan frije hannel. De firma waard ynskreaun ûnder de namme ‘Jaap Krol Schrijverij’, mei as direkteur en – foarlopich – iennich oandielhâlder de nammehâlder en nammejouwer fan it bedriuw.

Nieuws

menu