Dit artikel is vandaag gratis

Fryske Akademy reagearret mei dizze kollum op redakteur Abe de Vries | Opiny Nelleke IJssennagger-van der Pluijm

"Want wy meie net ferjitte dat it Frysk net fan ‘e Fryske Akademy is, likemin as dat it fan De Vries is." Afbeelding: FD

Online taalportaal Frysker.nl skriuwt oan Friesch Dagblad-einredakteur Abe de Vries, of hokker brûker dan ek, hielendal neat foar. It biedt oan de ferskate doelgroepen frijbliuwend help en ynformaasje, om de drompel om it Frysk te skriuwen te ferleegjen. Frysk for everybody.

Yn it Friesch Dagblad fan freed 22 oktober skriuwt Abe de Vries in opinystik oer it nije taalplatfoarm frysker.nl dat troch de Fryske Akademy ûntwikkele is. Omdat in opiny in opiny is, soe ik der gewoanwei net op reagearje. By dit opinystik doch ik dat lykwols al, omdat it grûndearre is op in stikmannich net terjochte redenaasjes, mar ek omdat it ta nochal stevige uteringen liedt. As ik dêr as direkteur-bestjoerder fan ‘e Fryske Akademy net ynhâldlik op reagearje soe, dan soe ik it wichtige wurk fan al my kollega’s dy’t har foar it Frysk en de Fryske maatskippij ynsette, slim ûnderstek dwaan.

Frysker.nl is in nij online taalportaal. Dêr binne trije funksjes yn ûnderbrocht: sykje, hifkje en oersette. De Oersetter is ornearre foar minsken dy’t it Frysk net yn ‘e macht hawwe, mar dochs graach Frysk skriuwe en Frysk leare wolle. Foar de begjinnende learling fan it Frysk is it fan primêr belang om eat sûnder flaters yn it Frysk oersette te kinnen. As er him mei dy basis dan fertrout, kin letter de fariaasje yn it Frysk tafoege wurde, soks wit ik sels as nije brûker fan it Frysk as gjin oar.

Foar dyselde dy’t it Frysk al wol yn ‘e macht hat, binne foaral de funksjes sykje en hifkje fan belang. En krekt dêryn wurdt wol spesifyk omtinken jûn oan fariaasje. Sterker noch, de fariaasje ‘wolle soenen’ dy’t Abe de Vries as foarbyld neamt yn syn stik, wurdt yn de funksje hifkje as geef Frysk oanmurken, krekt lykas de fariant ‘wolle soene’. Frysker skriuwt oan De Vries, of hokker brûker dan ek, dus hielendal neat foar. It biedt dêrfoaroer oan de ferskate doelgroepen frijbliuwend help en ynformaasje, om de drompel om it Frysk te skriuwen te ferleegjen. Frysk for everybody.

Frysk is foar elkenien

De website is dus in helpmiddel , in noflik wurkjend digitaal platfoarm foar it brûken fan ús taal . Want wy meie net ferjitte dat it Frysk net fan ‘e Fryske Akademy is, likemin as dat it fan De Vries is. It Frysk is fan en foar elkenien dy’t der gebrûk fan meitsje wol, yn syn of har eigen fariaasje en mei ôf sûnder help fan frysker.nl, want it brûken fan dat platfoarm wurdt ek troch gjinien foarskreaun of optwongen.

Eat dêr’t De Vries ek ik it folslein oer iens binne, is dat taal serieus nommen wurde moat. Taal en hoe’t wy ús útdrukke dogge derta. Dêrom fyn ik de justjes gekjeiende suggestje om oanjefte te dwaan dan ek opmerklik en nim dy serieus. Fan de einredakteur fan it Friesch Dagblad ferwachtsje ik ommers dat er wit hokker saken oft de spylje yn ‘e maatskippij. Ien dêrfan is in soarchlik tanimmen fan yntimidaasje fan wittenskippers, dêr’t wittenskiplike foarútgong skea fan hat. Lit ús der mei-inoar foar soargje dat it ûndersyk nei it Frysk en it ûntwikkeljen fan taalhelpmiddels foar it Frysk as libbene taal, dêr gjin proai fan wurde.

Ik bin tige grutsk op frysker.nl en de mooglikheden dy’t it jout. Mar ik bin noch grutsker op de eksperts dy’t efter dy website sitte en dy’t al harren tiid, enerzjy en ekspertize fan it Frysk alle dagen ynsette om kennis foar elkenien beskikber te meitsjen. Ik wol graach dat sy dêr yn frijheid mei trochgean kinne en wolle.

Dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm FSA, direkteur-bestjoerder Fryske Akademy

Nieuws

Meest gelezen