Fryske solidariteit en stipe yn striid Grinzers | Opiny

Mei ferbjustering hawwe wy de lêste dagen sjoen hoe’t it regear omgiet mei de ynwenners fan Noard-Nederlân dy’t it maleur hawwe dat se boppe it Grinzer gasfjild wenje, ien fan de wichtichste ynkommensboarnen fan Nederlân.

Protest tegen gaswinning onder de Waddenzee bij Ternaard.

Protest tegen gaswinning onder de Waddenzee bij Ternaard. Foto: Marcel van Kammen

Op tongersdeitejûn liet it regear witte dat de gaswinning dit jier ferdûbele wurde moat mei as logysk gefolch mear skea. En moandei stienen tûzenen Grinzers yn de kjeld of efter it byldskerm oeren lang yn de rige te wachtsjen om oanspraak te meitsjen op in saneamde subsydzje fan 10.000 euro foar ‘ferduorsuming en ferbettering’. Foar in soad minsken sûnder resultaat.

Nieuws

menu