De hiele Lelylinelobby is as in goedkeap stikje kaugom, it liket earst hiel wat mar nei twa kear kôgjen smakket it net mear | Opinie

It is sa fier. De Lelyline stiet nei in bestjoerlike lobby yn it lanlike koälysje-akkoart, as ûnderdiel fan it grutte ‘Deltaplan voor het Noorden,’ en is ek al op jild set. Trije miljard ha de nije regearingspartijen der foar oer.

It treinstasjon fan It Hearrenfean, ûnderdiel fan de route.

It treinstasjon fan It Hearrenfean, ûnderdiel fan de route. Foto: Shutterstock

Provinsjebestjoerders, de foaroanman fan VNO-NCW Noord en de minsken by de RUG yn Grins kamen superlativen tekoart yn har joecheistimming. Nei de euforyske útspattingen kamen in pear dagen letter gelokkich al de realiteitssin en de terjochte fraachtekens.

Nieuws

menu