De smartphone fan Jaap Krol baarnt yn syn bûse, gloeit op de tafel en wekket ûnder it sliepen | Kollum Jaap Krol

Jaap Krol jout - rûchwei sein - sa’n 450 euro hiel frijwillich foar neat út oan syn smartphone. Dat nimt hy op de keap ta, want it ding is ferwurden ta in goeie kunde, dy’t him eltse dei in stream oan nijsgjirrige appkes besoarget

Jaap Krol.

Jaap Krol. Foto: Peter Wassing

Fansels ha ik hiel lang dien oft gie it allegear bûten my om gie, mar de tiid hat my ynhelle. Myn smartphone baarnt yn myn bûse, gloeit op de tafel en wekket ûnder it sliepen. Wat oait begûn mei in sms-berjochtsje om’t it nij wie (‘dit is myn earste sms!’), is ferwurden ta in goeie kunde, dy’t my eltse dei in stream oan nijsgjirrige appkes besoarget. Ik kin al aardich rap type, sjoch ûnder it wurk op stille mominten gau op it display en ha fansels wit fan de taak fan emotikons – de fleurige grouwe tomme is foaral bedoeld om it petear te beëinigjen, lykas al dy laitsjende kopkes ynset wurde om mar gjin tekst hoege te typen.

Nieuws

Meest gelezen