Hooligans komme net mear út kânsearme hûshâldings of út de fiere metropoal | Kollum Jaap Krol
Myn earste fuotbalwedstriid as taskôger wie Cambuur – FC Den Haag (1985, 2-2), in barren om net te gau te ferjitten. Koprinner Den Haag kaam op 0-1, dêrnei waard it 1-1 en 2-1, wêrnei de gasten yn de ekstra tiid noch op 2-2 kamen. Ik (15) stie tusken de roppende Cambuurfans en waard sawat platdrukt as de thúsploech skoarde.

Jaap Krol. Beeld: FD
Ek ûnferjitlik wiene de Den Haag-supporters, dy’t harren minne namme wiermakken troch yn fol ornaat – mei matsjeshier, jeiend yn âlde bakken en dubieuze sprekkoaren roppend – sawol Ljouwert as it stadion te betrêdzjen. Ik wie yn elts gefal aardich fan it hynder troch safolle ferbale útbarstings, mar fûn it fanwege it bistachtige karakter ek wer fassinearjend. Fuotbalhooligans kamen doe noch út de fiere metropoal en namen de grutte stêd-moares mei nei in provinsjale haadstedsje. Om harren hinne hong it aureoal fan kânsleaze sûplappen, dy’t sakke wiene foar de lask- en soldearkursus en no oan de rinnende bân folpinnen en punteslipers stiene te yn te pakken.