It aardige oan besparjen is dat je deroan wenne. As it sa trochgiet sit ik mei âld en nij yn koarte broek en himd foar it iepen rút | Column Jaap Krol

Houtkachels yn soarten en maten, laptops om te shoppen en fierders in hiele rige oerstallige apparaten: wy hawwe ússels tasein dat se ús takomme. Se tsjinje net sasear in sa noflik libbe libben, mar befredigje ús ferlet. In bytsje back to the basics is dus hielendal net sa slim.

Jaap Krol.

Jaap Krol. Beeld: FD

Om’t ik huverich bin foar de kommende tiden bin ik dus ek oan it enerzjybesparjen slein. Myn sitewaasje is ekstra-ekstra slim, want de fûneminten fan myn hûs datearje út de 15de iuw, de ruten út de 19de en it keukenblok út de 21de. Al mei al in gearmjuksel oan âlde en nije boukundige ynsichten, mei twa konstanten: it hûs is net isolearre en hat gjin dûbelde ruten. Simmers is it der dus gau waarm en fertoan ik geregeld in anty-aktive hâlding, winterdeis kin ik de kjeld allinnich bûten de doar hâlde mei in pro-aktyf stookbelied.

Nieuws

menu