In Memoriam: de fytskaart | Kollum Jaap Krol

Ik wie mei fakânsje nei Finlân set, mei yn de achterholle in dizich besef dat de fergonklikheid in hieltyd swierder berop op my die. Yn it foar hie ik nammentlik yn ferskate winkels om fytskaarten socht, mar dy koe ik allinnich noch mar fia ynternet bestelle – foar in aardich ûnreedlike priis, sis ik derby.

Jaap Krol.

Jaap Krol. Beeld: FD

Fanwege dy priis miende ik genôch te hawwen oan ien nije kaart, dy fan eastlik Finlân. Earne yn in doaze siet noch in tweintich jier âlde fan westlik Finlân ferstoppe, dy’t ik út sunichheid – it besef drukte hieltyd swierder op my – ek mar meinaam.

Nieuws

menu