Ik doch der alles oan de tiid nei myn hân te setten | Kollum Jaap Krol

Yn july sille wy mei fakânsje nei Finlân. It is ús tredde besykjen: wy ha de kaarten foar de boat al in dikke twa jier ferlyn besteld en sille no dan echt.

Jaap Krol.

Jaap Krol. Beeld: FD

Ik moat sizze dat ik net faak sa’n nocht ha oan in reis, wat ek komt troch dat útstellen. Sa bin ik al skoften dwaande de tiid om te bûgjen, sadat dy koarter wurdt. Komplisearre redenearrings oer de lingte fan de oankommende trije moanne wurde dus útskreaun yn ferlikings, mei as begjinpunt de rige fan Mercator (1 + x ). Op dizze wize ha ik berekkene dat guon moannen opteld langer binne as oare optelde moannen. Oars sein: juny telt net, want dan is it hast july. De ferliking x y betsjut dus dat de lingte fan april – july ( x ) mooglik gelyk is oan april – juny ( y ). Getten yn in formule sjocht dat der sa út:

Nieuws

menu