Keapje no dy kaartsjes en ha al wat wille mei it foarútsjoch dat je der aanst wer fan genietsje kinne | Column Anke Bijlsma

Ik sjoch bliid op by in melding op myn kompjûter, der binne krekt wer twa kaarten ferkocht! Dy minsken ha gjin idee wat dit foar ús betjut. Ik bin der wis fan dat alle teaters stean te springen om sa’n blyk fan betrouwen.

Anke Bijlsma.

Anke Bijlsma.

,,Ik wol wol fergees komme te spyljen op’e middei mei myn krystfoarstelling yn Theaterkerk Nes”, seit ien fan de akteurs. ,,Anders doen we twee concerten op een middag”, seit in operasjongeres. Ik bin der suver troch oandien - sa graach wolle se wer op in poadium stean foar echt publyk.