Keunstwurk by Ternaard fertsjinnet korrekte namme, net Camera Batavia mar Camera Frisia | Opinie

Der sit ien grutte tinkfout yn it projekt ‘Camera Batavia’ fan Sense of Place en dat is de namme.

Een beeldimpresse van het beoogde kunstwerk Camera Batavia bij Ternaard.

Een beeldimpresse van het beoogde kunstwerk Camera Batavia bij Ternaard. Beeld: Sense of Place

Keunst oan it Waad. Neffens my in prima kombinaasje as it in beskieden plak ynnimt en him oanpast oan de rêst en romte fan dit wide gebiet. In suksesfol foarbyld is it keunstwurk fan Jan Ketelaar op ‘e seedyk by Holwert. Fan fierren sjocht men de beide froulju op ‘e seedyk stean, Wachten op hoog water , in syktocht nei balâns en útwikseling. It lûkt de oandacht fan minsken nei dit prachtige gebiet, net om te fersteuren, te konsumearjen of te fersmoargjen, mar om te ûntdekken, te belibjen en te wurdearjen.

Nieuws

Meest gelezen