Kollumnist Jaap Krol seach de nije dokumintêre oer The Beatles: 'Je steane dus yn de keuken fan in rockband, tichterby komme je net'
Ik ha mar efkes in moanne-abonnemint nommen op Disney+, om mei de krystdagen nei Get Back te sjen, de achtoerige dokumintêre oer it Let it be-projekt fan The Beatles. No ja, net allinnich te sjen, mar ek te lústerjen. As tarieding ha ik dêrom no de hiele dei Let it Be – Super Deluxe Edition op stean.

Jaap Krol.
Film en plaat binne twa nije ferzjes fan it doe mislearre projekt. Let it be moast as gehiel in registraasje wurde fan it kreative muzikale proses, kulminearjend yn in rige nije songs, mar waard in pynlike film en pynlike LP oer de ein fan de groep. It is yn alles harren minste plaat. Dat it net in ienheid is kinne je mei it each op de komplisearre persoanlike ferhâldings noch ferdrage, mar dat de muzyk earne sa goedkeap klinkt makket it sa hert- en humorleas. Harkje mar nei dy flarden Maggie Mae en Dig it , dy’t mear in manierke binne.