Je kinne fuotbaljen sjen as in sekuliere religy, om’t sawat de hiele wrâldbefolking derby belutsen is | Column Jaap Krol

Ik wie ynearsten net neutraal as it gie om de finale. Frankryk moast fan my winne, om’t: A. Mbappé sa’n moaie fuotballer is om nei te sjen en B. de Argentinen tsjin Nederlân de kaart ‘respekt’ út de hege hoed lutsen en as misledige smurfen oer it fjild draafden.

Jaap Krol.

Jaap Krol. Beeld: FD

Dy hoed fernuvere my (mar ek wer net), om’t respekt by Súd-Amerikaanske fuotbalnaasjes faak fier te sykjen is. Skoppe, tiidrekke, fol teäter op it fjild lizze, om kaarten freegje en om respekt eamelje heart allegear by it repertoire fan mannich lân fan it kontinint. Ik moat ek altyd tinke oan de driigjende sfear yn 1978, doe’t wy de finale tsjin Argentinië spilen. Ik wie doe 8 jier, mar wit noch goed hoe’t de yn ferbân tapete earm fan René van de Kerkhof mikpunt wie fan yntimidaasje fan Argentynske spilers.

Nieuws

menu