Is der yn it fjild fan Fryske organisaasjes plak foar in nij, in fernijd Selskip 1844?

De oansletten kriten hâlde op. De ynkomsten ferdampe. Nije bestjoersleden binne net te finen. It 177-jierrige Selskip foar Fryske Taal en Skriftekennisse, ek wol neamd it Selskip 1844 of it Ald Selskip, meastal it Frysk Selskip, stiet faai.

Boarstbyld fan Waling Dykstra yn Holwert. Dit heart net ta de ferantwurdlikheid fan it Selskip.

Boarstbyld fan Waling Dykstra yn Holwert. Dit heart net ta de ferantwurdlikheid fan it Selskip. Foto: Jan Spoelstra

Ferieningen komme en gean. De tiid hâldt gjin skoft en de loften feroarje aloan. Grutte kâns dat it Frysk Selskip meikoarten net mear bestiet. It Selskip, dat is de skriuwers- en lêzersferiening, oprjochte troch Harmen Sytstra, Tiede Dykstra en Jacobus van Loon, dy’t as gjin oar ferbân yn de njoggentjinde en earste helte fan de tweintichste ieu de Fryske taal en de Fryske literatuer ûnder de ‘gewoane’ minsken brocht hat.

Nieuws

Meest gelezen