Nije keuken? De mear opberchromte, de mear guod. De mear guod, de minder it brûkt wurdt | Column Jaap Krol

Ik krige in brief fan de hierkoöperaasje. Oft ik ek in nije keuken woe, per 1 oktober? Moai fansels, mar sjoen it feit dat der yn myn tiny hûs fyftsjin jier lyn in nije ynbouwd is, besleat ik it oanbod ôf te slaan.

Keuken in Museumhuis Polman, Nagele.

Keuken in Museumhuis Polman, Nagele. Foto: Simon Bleeker

In prima keukenblok nei amper oardel desennia ferfange, it moast net gekker wurde. Ynstee fan in nij oanrjocht besleat ik sels myn keuken ris stevich oan te pakken. Yn myn hûshâlding betsjut dat de mem-aller-putsjes, want de ferstânshâlding tusken my en myn keuken is trochgeans net goed.

De âlder ik wurd, de mear ik my ergerje oan al dy folle en healfolle kasten en laadsjes. De mear opberchromte, de mear guod, stel ik. De mear guod, de minder it brûkt wurdt, stel ik dêrnei. Krityk hawwe op it materialisme fan hjoed hat fansels wat dûbelhertigs, mar as it om keukenmateriaal giet ha ik wis in punt.

Om safolle mooglik guod sa rigoreus mooglik te dumpen ha ik in masterset dien. It die nammentlik bliken dat in âlde boekenkast perfekt neist it fornús paste, dêr’t alle keukenguod maklik yn koe. Underlizzend doel wie dat alles op maskimaal oardel earmlingte fan it fornús hong of stie, sadat ik tenei net iens in skonk hoech te fersetten om wat te krijen.

De boekenkast kaam dus fol te stean mei sawol pannen, opskepleppels en krûden, as blikken pasta, couscous en riis. It primêre bestek kaam rjochtop yn in grutte mok te stean, de twa snijplanken hingje tenei oan twa mânske spikers. De itenspannen ha ik per maat oardere, sadat ik net mear bygelyks it djippe boerd ûnder de platte wei hoech te heljen of it bôlepantsje ûnder it djippe sykje moat. De spatels hingje neist inoar yn de boekenkast, om’t der gjin inkele belemmering mear wêze mei tusken it rierdhout en myn rikjende hân – selfs gjin spatelpot, want dan moat ik sykje. Sa kreëarre ik dus in kookpit fol húslikheid, wêrby alles doelmjittich delset is.

En de rest? De rest gie fuort. Trije doazen fol teeleppeltjes, gebakfoarkjes, oerstallige mokken, ûne- en slaadskalen, pannen en komkes. It resultaat mocht der wêze: in keuken dy’t fielt as nij. Yn ien kastke sit in grientebak, yn de oare in pear plestik pûden. De beide boppekasten binne selfs hielendal leech, lykas de laadsjes. Ik ha dus in mailtsje stjoerd nei myn hierkoöperaasje. Oft se ek in pear sa goed as nije keukenkasten hawwe woe, per 1 septimber, ynklusyf laadsjes? It duorre in pear dagen, doe krige ik as antwurd dat se it oanbod ôfsloegen.

Jaap Krol is opgroeid yn Beetstersweach en wennet yn Grins. Hy is skriuwer.