Omrop Fryslân heart op basis fan de wet by primêre provinsjale taken | Opiny

Is it perfoarst nedich dat de provinsje Omrop Fryslân stipet? Ja, seit Lieuwe van der Pol, Steatelid foar ChristenUnie Fryslân. It Frysk is in wetlike kearntaak.

Omrop Fryslân op locatie.

Omrop Fryslân op locatie. Foto: FD

Dizze simmer is de provinsje begûn mei it neitinken oer de Omrop as ûnderdiel fan in bredere diskusje oer de ‘kearntaken’. Sintraal is dêrby de fraach: moatte we dizze taak trochsette? Ek as der finansjeel minder te besteegjen is? Sa’n diskusje is wichtich en bringt mei har mei dat de kar foar in taak mei oertsjûging makke wurde moat.

Nieuws

menu