Opinie: Wy moatte ta nei in nij ekonomysk model

It Malieveld stiet tsjintwurdich faak fol, en faak ek mei minsken dy’t troch de oerheid betelle wurde. Sy fiele har net wurdearre, wolle mear salaris en in legere wurkdruk. Mei allinnich mear jild foar dizze sektoaren wurdt de échte oarsaak fan de problemen net weinommen.

It Malieveld stiet tsjintwurdich faak wol, lykas yn maart ferline jier mei ûnderwizers.

It Malieveld stiet tsjintwurdich faak wol, lykas yn maart ferline jier mei ûnderwizers. Foto: ANP

‘Als de zorg geen hogere lonen krijgt, komt er geen nieuw personeel. En als we lang zo doorgaan, gaat de zorg kapot’, skreau it Friesch Dagblad op 21 novimber. Dat nei oanlieding fan de staking yn ’e soarch in dei earder. It binne aksjes foar mear lean en tsjin de hege wurkdruk. Deselde klachten hearre jo fan plysjeminsken, en fan juffen en masters yn it leger ûnderwiis. Ek skjinmakkers fierden hjir earder aksje foar. Oeral itselde: lege salarissen, hege wurkdruk en te min kollega’s. Mar hoe komt dit alles dochs?

Dat leit foar in grut part oan it neoliberalisme; dat ûntstie nei de Twadde Wrâldoarloch. Yn it Switserske Mont Pèlerin kaam in lyts selskip ekonomen by mekoar. Dêr wienen Milton Friedman en Fried-rich Hayek ek by. Sa kaam de Mont Pèlerin Society der. Yn earste ynstânsje wienen se foaral tsjin de ‘totalitêre steat’, mar dat ferskode stadich oan nei de frije merk. ‘Neoliberaal’ waard mear en mear ‘merkfûnemintalisme’.

De plenning fan it neoliberalisme wie op ’e lange termyn rjochte. En yn 1980 wie it dan safier. Mei de komst fan Ronald Reagan en Margaret Thatcher kaam it oan ’e macht. Sûnt fjirtich jier bepaalt dat no it folsleine politike en ekonomyske belied. It ‘freemt’ eltse diskusje oer de ekonomy: in oare oanpak komt hielendal net mear oan bar. Yn alles waard it neoliberalisme de wierheid en ek de iennichste wierheid.

Der sit wol in nuvere kronkel yn ’e ferhâlding tusken it neoliberalisme en de minsken yn tsjinst fan de oerheid. Herman Nanninga wiisde dêr yn it Friesch Dagblad fan 27 novimber ek al op. Hy sloech de spiker op ’e kop, doe’t hy skreau: ‘Leraren, in welke tak van onderwijs dan ook, worden niet marktconform betaald’. Sa is it mar krekt. It belied is neoliberaal, mar de wurkers by de oerheid wurde dêr net neffens betelle! ‘Om je als maatschappij dood voor te schamen’, tocht Nanninga.

It is in frjemd ferhaal: wy libje yn in neoliberaal kapitalisme, mar al dy minsken yn ’e ‘iepenbiere sektor’ wurde net neffens ‘de markt’ betelle. Tige beskamsum. En nuver. De wet fan fraach en oanbod jildt blykber foar har net. Want soe dat wol sa wêze, dan wie har lean al lang folle heger: der is ommers in te lyts oanbod (fierstente min kollega’s), mar wol in grutte fraach (in protte fakatueres). Normaal sil dan it salaris heger wurde; mar dat bart hielendal net. Mar wêrom bart dat net?

Kosten

In protte neoliberale politisy sjogge oerheidsútjeften allinnich mar as kosten. En wolle dêr dus sa min as mooglik jild oan útjaan. Dus perfoarst net mear salaris nei juffen en masters, ferpleechkundigen, skjinmakkers en plysjeminsken. Leaver sa min mooglik, lykas hjoed-de-dei. Hjir wreket him it neoliberalisme. Want it is dizze ideology, dy’t útjeften fan ’e oerheid as kosten sjocht. Dat hat hiel grutte gefolgen.

De neoliberalen fine dat de oerheid dus sa lyts mooglikwêze moat. Dat stribjen jildt al tsientallen jierren. Sûnt 1980! It hat in kealslach by oerheden yn westerske lannen feroarsake. De iepenbiere sektor is útrûpele. Mar dy sektor net allinnich: ek de sosjale sekerheid is keal slein. En minsken, dy’t ‘harsels rêde kinne’, wurde oan har lot oerlitten. Mar foaral foar minsken dy’t yn ’e iepenbiere sektor wurkje, hat dat negative gefolgen hân. Op trije manieren wurde sy tekoart dien.

Yn it foarste plak moatte de leanen sa leech mooglik wêze: dat hâldt de kosten foar de oerheid leech. Fierders is ek in (tige) hege wurkdruk geunstich foar it leech hâlden fan de kosten fan dyselde oerheid. Dat sjogge jo dus oeral; it giet folslein op kosten fan de wurknimmers. By eintsjebeslút moatte der nochris sa min mooglik minsken yn dizze sektoaren wurkje. Dus net te folle ferpleechkundigen, plysjeminsken, juffen en masters. Ek dat remmet de kosten fan de oerheid. It ‘kosten-idee’ fan ’e neoliberalen is sa it bêst tsjinne. Mar wol op kosten fan al dy hurd wurkjende tige belutsen minsken.

Strukturele oanpak

De lêste tiid hearre jo mear en mear, dat der in ‘strukturele oanpak’ komme moat; benammen foar de soarch en it leger ûnderwiis. Mar dat sil ûnder it hjoeddeistige belied dreech wurde: it neoliberalisme stiet sa’n feroaring yn ’e wei. Tige spitich. De eask foar dy strukturele oplossing is terjochte. Mar dy sil der ûnder partijen as de VVD en D66 nea komme. Dêrfoar is der in oare ekonomyske polityk nedich; pas dan sil de posysje fan al dy protestearjende groepen essinsjeel ferbetterje.

It is in yllúzje te tinken dat strukturele oplossingen ûnder it neoliberalisme mooglik binne; dat sil nea barre. Fansels moatte al dy aksjefierders foar har eigen belang opkomme. Mar sy soene har ek tsjin it neoliberalisme útsprekke moatte: allinnich dan kinne der strukturele oplossingen komme. En it is goed foar har eigen posysje.

Undertusken moatte de ferpleechkundigen en ûnderwizers en al dy oaren fansels wol op alle fronten better beleanne wurde, want sy fertsjinje in bettere posysje. De juffen en masters krije der 4,5 prosint by ( Friesch Dagblad fan 13 desimber); en de ferpleechkundigen sille der 5 persint op foarút gean ( Friesch Dagblad 16 desimber).

Mar dêrnei moatte der strukturele oplossingen komme. It neoliberalisme moat nei fjirtich jier fuort; in folslein oar ekonomysk model is nedich: bygelyks in ‘sosjaal kapitalisme’.

Doede Damsma wennet yn Ljouwert

Nieuws

menu