Petysje | Kollum Jaap Krol
Ik tekenje noait petysjes en rin ek noait mei yn demonstraasjes, mar ha wol de petysje om Willem Engel foar it gerjocht te krijen ûndertekene. Fan herte, diel ik jo mei.

Jaap Krol. Beeld: FD
Ien dy’t it adres fan in minister ferklapt en sa gewelddiedigen frij paad jout, dy’t in ferbân sjocht tusken de hertstilstân fan in fuotballer en syn faksinaasjes (de Deen Eriksen sakke yninoar by it ôfrûne EK) of dy’t mei drûge eagen beweart dat de lêste wettersneed yn Limburch en omkriten oanstjoerd is troch politike machthawwers om sa it omtinken fan de koronakrisis ôf te lieden (quote: ‘Ik heb echt het gevoel dat dit in scène is gezet, dat het expres fout is gelopen om een politieke afleiding of een politiek gewin hier te scoren’) nimt syn net echt iendrachtige achterban op eigen wize hiel serieus, mar de slachtoffers fan sykte en geweld net.