Soms tink ik dat der mear potintaten wêze moatte soene en sis ik tsjin mysels: ‘potintaten aller lannen, ferienigje jo!’ | Kollum Jaap Krol

Guon minsken fine my in potintaat. Ik ha nammentlik by bepaalde gelegenheden de gewoante om alles yn it foar te regeljen, sadat der neat ferkeard gean kin.

Jaap Krol.

Jaap Krol. Beeld: FD

Ik bin de grutste potintaat as der reizge wurdt. Treintiden útsykje, ferbliuw regelje, kaartsjes boeke: ik bin der oeren mei dwaande. Ik doch soks om’t myn freondinne it net docht en ien it dwaan moat – ik dus.