It libben krijt pas stal yn syn neatsizzende, banale dingen, dy’t letterlik mei ús meireizgje | Kollum Jaap Krol

Guon saken reizgje al desennia mei my mei. Wie ik der dus eins net echt oan hechte, mei de jierren is der dochs in soart fan bân ûntstien. It frjemde is no dat it hielendal net giet om op it each wichtige saken as in foto, in skilderij of in spesjaal meubelstik, mar krekt om triviale foarwerpen.

Jaap Krol.

Jaap Krol. Beeld: FD

Boppe myn buro hinget bygelyks sa’n juten buordsje, dêr’t ik mei in punêze wichtige meidielings op hingje, lykas wachtwurden en mailadressen, mar ek it kaartsje mei it earste ôfspraakje mei myn freondinne. Yn de rjochter hoeke ha ik twa kear ‘Pink Floyd’ skreaun, de band dêr’t ik op myn middelbere skoalle fan fan wie en dat elkenien hearre litte woe. Ik ha it memobuordsje dus al sûnt de iere jierren tachtich en heuch my dizze beskieden graffity as in earste besykjen om los te gean. Letter moast de learen skoalletas der ek oan leauwe, mei ûnder oare it ban it bom-teken, in figuer út de FC Knudde-rige en de al neamde Pink Floyd.

Nieuws

menu